Tiisdei 6 augustus 2019 sil Aant Hofstra it lêzen foar de Freule yn de haven op him nimme. Titel: “IT ÛNTHÂLD FAN DOE EN NO!”. It is 50 jier lyn dat Wommels de Freule wûn en dat sil grif noch yn it ûnthald fan in protte minsken sitte. Piet de Jong, Henk Zijlstra en Jan Joustra soargen doe foar in feeststimming yn Wommels. Aant Hofstra pielt om mei de dei fan doe sa as it no noch yn syn ûnthâld sit.
Om 20.00 oere begjinne de “Freule sjongers”. Neist Hayo Scholte en Jan Houwer sille der dit jier 9 aktive Wommelser shantysjongers (mei oanfolling fan bûten) jimme foarôf alfêst wat yn de sfear bringe.
Om 20.30 oere is it wurd oan Aant Hofstra.
De tagong is fergees.