De tsunamyaksje yn Wommels yn 2005 hat der foar soarge dat der alle jierren by it ûndergean fan de sinne, op de jûn foar de Freuledei, foarlêzen wurdt yn de haven fan Wommels. Nei twa jier koroana kin it no wer.
Dit jier sil Theunis Piersma it publyk fermeitsje. Piersma is berne as boeresoan yn Kûbaard. Hy hat boargemaster west fan û.o. Wûnseradiel en bestjoerder K.N.K.B.
It keatsen rint as in reade tried troch syn libben. Sels hat er aktyf by it keatsen belutsen west en aktearre syn soan Pier op it heechste plan. It is dan ek net ferwûnderlik dat Piersma syn ferhaal de titel “Wat keatsen foar my betsjut,” meijûn hat.
Op tiisdei 9 augustus sil Theunis Piersma syn ferhaal fertelle yn de haven De Appelhof.
Foarôfgeand trede De Freulesjongers op.
Lêze foar de Freule wurdt mei mooglik makke troch Undernimmersfûns Súdwest-Fryslân en Stifting De Freule.
KADER
Haven De Appelhof, Wommels
9 augustus, 20.30 oere
20.00 oere optreden fan De Freulesjongers