Sneon wie yn It Reade Hynder de lotting foar de kommende Freulepartij. Fan’t jier 41 partoer op de earste list, dat is wat minder dan foargeande jierren. It skynt dat der hjir en dêr wat minder jonge keatsers bykomme. De bouploech fan de Freule is al drok dwaande it fjild en de tribunes op te bouwen. Woansdei om 09.00 oere set de Freulepartij útein. It kin in moaie spannende keatsdei wurde, omt der gjin útsprutsen favoryt is. Henk Bootsma hat wat foto’s fan de lotting makke.