Juster hâlde boargemaster Jannewietske de Vries har nijjierstaspraak yn de Rolpeal yn Warkum. De titel wie Súdwest-Fryslân: folop yn beweging. SWF is in gemeente mei in fitale mienskip, in fitale ekonomy en in fitale omjouwing. Koöperaasjes binne in gaadlik model om mei-inoar foarút te buorkjen. It fertrouwen yn de mienskip moat fergrutte, want foar de eigen mienskip sette de ynwenners fan SWF harren entûsjast yn. Liesette waard ek noch efkes neamd. De hiele taspraak is hjir te lêzen.