Op it platte dak fan It Bynt, foarhinne de pastory, bin juster 10 sinnepanielen lein. It Bynt wol hjirmei wat legere enerzjykosten sjen te krijen en by te dragen om de ferbettering fan it miljeu. De panielen bin finansjiel stipe troch de WEK fanút de jierlikse bydrage dy’t de koöperaasje alle jieren krijt foar eltse oanslúting by enerzjyleveransier Energie VanOns.