Yn Weidum hat Sjanet Wijnia mei har partoer de Frouljus PC wûn. Se keatste mei Ilse Tuininga (keninginne) en Manon Scheepstra, har fêste maten fan’t jier. Se wiene yn de finale mei 5-1 6-4 te sterk foar Nynke Sybrandy, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra. Yn de heale finale fersloech it partoer fan Sjanet dat fan Martzen Deinum, Anne Berber Zeinstra en Jeska Terpstra, dy’t dus tredde waarden. Sjanet, Ilse en Manon krigen de krânsen omhongen troch de winners fan de Manlju PC.