De oanlis fan it wiet fûgeltsjelân, plasdras, by Murk Nijdam is fannewike útein set. Deputearre Johannes Kramer hat tegearre mei wethâlder Maarten Offinga fan gemeente Súdwest-Fryslân de starthanneling dien. Fan’t jier bin der al mear dan 100 jonge skriezen útflein by Murk en dat kin der straks noch mear wurde, it wiet fûgeltsjelân moat goed 3,2 bunder wurde. Ek kin der straks noch folle mear minsken komme te sjen sûnder dat de fûgels steurd wurde. Hjir mear der oer by Omrop Fryslân.