Sneontejûn wie de Bobjûn fan it Greidhoek’ Festival yn it Apelhof efter de Van Sminialeane. Dizze jûn hiene de Boppers, Opperboppers en frijwilligers fan it Greidhoek’ noch te goede, mar koe earder net hâlden wurde troch corona. De stipers fan Bob Ross krigen in hapke en in drankje en der spyle in alderaardigst bandsje, The Soundshop. Ate de Boer hâlde in lêste speech en gong dêryn ek yn op werom it Greidhoek’ Festival stoppe is. Neist dat de organisaasje yn 2019 corona al oankommen seach soe dat net yn it lêste plak de jeugd fan tsjinwurrich west wêze. Dy soe neffens Ate net folle soeps mear wêze en je hiene der mear hinder fan dan plesier.
Ferrassend wie dan ek dat der in groep jongerein de mikrofoan grypte en oankondigen dat sy in nei festival yn Wommels opstarte woene. Dat moat it Skrik Festival wurde. Wurdfierders Sjoerd en Timen de Boer stelden dat it ek mar heech tiid waard dat de âlde garde der mei stoppe wie en dat de dochs al deade Bob Ross in goeie ferbylding wie fan wat sy der noch fan makken. Nij elan moast der komme, in nij fris en modern festival, organisearre troch in brûzjend stel jonge minsken.
Dy kamen by Sjoerd en Timen op it poadium stean. It binne fierders Tom en Pieter Wijnia, Tjitze Postma, Jorn Klijnsma en Thijs de Boer yn it bestjoer en Else de Boer, Janneke de Boer en Marrit Tolsma yn de keunst en artistyke oanklaaiing. Se krigen fan Marieke de Boer, dy’t earst de organisatoren fan it Greidhoek’ Festival betanke foar de njoggen moaie edysjes, in T-shirt dat Else makke hie, mei it nije logo der op.
Der sil 26 augustus earst in lytse pilot hâlden wurde fan it nije festival, yn besletten kring om efkes te oefenjen foar it grutte wurk dat yn 2024 echt los sil. De pilot-edysje sil foar stipers en frijwilligers fan it Skrik Festival wêze en wer yn it Apelhof efter de Van Sminialeane plak fine. De stipers, freonen fan it festival, komme dan Flinters te hjitten, sponsoren Topflinters. Mei harren stipe (€ 30,- foar twa flinters) meitsje de Flinters en Topflinters tegearre mei de frijwilligers de pilot mooglik. Der sille in pear bands spylje en der is iten en drinken. Takom jier krije sij dan yn de maaitiid de Flinterjûn en kinne dêrnei de earste echte edysje stypje.
Tjerk Bootsma spile om mei it Skrik Festival útein te setten “In Nij Begjin” en in pear oare ferskes fan Reboelje.