Jûn Jiergearkomste Doarpsbelang yn It Dielshûs
Ferliene wike wie wer de alderaardigste aktiviteit Snoekfiskje mei de Fûgelwacht foar de jeugd. Mei mear as 20 bern sieten de boaten fol. Der waarden 16 snoeken en 3 snoekbearzen fongen. Hidde Jorritsma hie de grutste fisk, in snoekbears fan 75 cm. Henk Bootsma hat der foto’s fan makke.