Ja, jim lêze it goed! Dit jier kin ek de âlderein meidwaan oan de Spulwike. Spulwike is útein setten yn 1972 en bestiet dit jier dus 50 jier! Ek eartiids wie de Spulwike foar bêrn op de basisskoalle. Dus eltsenien dy’t yn 1972, 13 jier en âlder wie, hat nea as bern oan Spulwike meidwaan kinnen.
Op moandei 18 july sille wy in Spulwike-dei organisearje foar alle 60+-ers. Op dizze dei sil in fytstocht (ûngefear 34km) by de doarpen lâns plakfine, mei ûnderweis in soarte fan puzzeltocht en ferskate ferrassingen. Der kin starten wurde, mei jo eigen fyts, by it sportfjild yn ien fan de trije Spulwikedoarpen, dus Easterwierrum, Littens of Weidum. Wy sille starte om likernôch 10:00 oere moarns en de ferwachte eintiid is tusken 14:00 en 15:00 oere.
Opjaan kin fia spulwike.frl/spulwike-