Woansdei 27 novimber is der yn It Dielshûs in temajûn mei as titel ‘New Deal tusken Boeren en Mienskip’. Fanôf 19.30 oere bin der earst twa sprekkers en dêrnei diskusje en fragen stelle mei in foarum. Eltsenien is wolkom.
Rijksbouwmeester Floris van Alkemade is de earste sprekker. Syn foardracht giet ûnder oare oer de ynrjochting fan ús lânskip en gebrûk fan ús grûn. Hy is bekend fan de ‘New Deal tusken Boeren en Mienskip’. Hy nimt dêrby in earlik ynkommen foar boeren, in sûne boaiem en in oantreklik lânskip as útgongspunt.
De twadde sprekker is Theo Mulder. Syn boadskip is ‘Boerderijen binne de apoteken fan de takomst’. Hy leit ek de relaasje tusken sûne grûn, sûn iten en de sûnens fan minsk, plan en bist.
Nei beide sprekkers is der diskusje en kinne der fragen steld wurde oan in foarum dat foarme wurdt troch beide sprekkers en arzitekt Nynke Rixt Jukema ek bekend fan it projekt ‘Feel the Night’. Gerben Gerbrandy, ûnder oare 1e Keamerlid en bestjoerfoarsitter fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân, is gesprekslieder.
De organisaasje fan de temajûn is yn hannen fan FNP Súdwest-Fryslân.