In grut tal Wommelsers wie justerjûn gear yn It Dielshûs om ûnder lieding fan Eddy Lania fan Doarpswurk in opset te meitsjen ta in fisy en plan foar de takomst fan Wommels. Wethâlder Bauke Dam liede de jûn yn en wie tige benijd nei de risseltaten. Doarpsbelang hie in tsiental ûnderwerpen (ferkear, sport, wenjen, rekreaasje, duorsemens, ensfh.) betocht wêr’t oanstjoerd troch in gesprekslieder yn groepen ideeën oer opgoaid wurde koene. Der kamen in hiel soad ideeën oer hoe’t it yn de takomst mei Wommels moatte soe nei foaren. Doarpsbelang sil de ûndernimmers en jongerein fan Wommels ek noch hifkje en dan besykje de fisy en it plan út te wurkjen en mei wurkgroepen út te fieren. Nei de tafelgesprekken fetten de gesprekslieders it ferskaat oan ideeën gear.