Tiisdei 6 feb bin der wurksumheden oan de elektrisiteitskabels. Ek de Terp wurdt ôfslúten en derom bin de winkels oan de Terp tiisdei ticht, yn elts gefal de moarns. Ek de Jumbo. Sa gau at der wer stroom is gean se wer iepen.
Murk’s Slagerij is wol iepen; Murk hat in aggregaat regele.
Oan de Lytse Terp is noch wol stroom. Kapsalon Metz kin gewoan trochdraaie. En de merke kin ek iepen, want de kramen krije stroom fan Jan Hazenberg.