De bern fan OBS De Opslach hawwe freed in Triathlonclinic hân in it swimbad fan Sybrand van der Wei, mei-organisator fan de Triathlon Wommels. Se swommen, fytsten en draafden in in rêstich tempo om oan de triathlon te wennen en Sybrand fertelde hoe’t se it bêste fan sport wekselje koene yn it Parc Fermé. De clinic paste moai yn it ‘Klaar voor de Start’ tema fan de Gouden Wiken wêr’t de skoalle it nije skoaljier mei útein set. It is de bedoeling dat safolle mooglik bern oan de Jeugd Triathlon Wommels fan freedtejûn 13 septimber meidogge en de measten liken dat ek wol te wollen. De ynskriuwing foar de grutte Triathlon Wommels op sneon 14 septimber slút dit wykein. Al goed 150 dielnimmers hawwe harren ynskreaun, mar dêr kinne noch wol in pear by.