At it om it waar kin is der op de sneintemoarn foar de Freule altyd in tsjerketsjint op it Freulefjild. Sa ek dit jier. Foargonger wie Ds Nicolette Vlaming. It thema fan de tsjinst wie “Tiid”. Henk Bootsma hat der in pear foto’s fan makke. Op syn facebookpagina stean noch mear foto’s hjirfan en ek fan de Freule sels.