Ferslach fan de jiergearkomste 28-10-2021
1.
Hessel iepent de gearkomste mei in wolkom oan de leden en it personiel.
Ôfmeldings: Ytsje Faber, Ingrid Weyer, Jeltje de Vries en Gerrit Faber
De jiergearkomste soe plakfine op 26 maart 2020. Dit koe doe net trochgean fanwege de coronamaatregels fan 15 maart 2020. Dit betsjut dat:
De jierferslagen en sifers fan 2019 en 2020 op tafel komme.
Fierder is der oandacht foar de aktuele saken.
We binne in minút stil foar de 18 leden dy’t yn 2019 en de 11 leden dy’t yn 2020 ferstoarn binne.
Yn maart 2021 is ek ferstoarn: Jan Klaas Faber, ús utfeartfersoarger en directeur-eigner fan Faber Utfeartsoarch
Yn deselde moanne ferstoar Tjitze de Vries (ús eardere beheerder begraafplak) en in wike letter syn frou oan Covid-19
2
Ferslach fan de jiergearkomste op 28 maart 2019 wurdt foarlêzen en goedkart
3.
Jierferslach: dit giet oer 2019 en 2020. Ferslach wurdt goedkart en kompliment foar de skriuwster.
4.
Ynkommen stikken: foar dizze gearkomste binne der gjin ynkommen stikken
5.
Finansjeel jierferslach: Klaas nimt ús mei yn de ferslagen fan 2019 en 2020. Syn taljochting is dúdlik. Der is in fraach oer de aktuariële reserve. Dit komt fierderop yn de gearkomste oan bod.
Kaskommisje bestiet út Eelke Malda en Pyt Postma. Sy binne tige tefreden oer de wize wêrop Klaas harren alles útlein hat. Goed byld mei spesifikaasjes. De kaskommisje fynt it moai om sa efkes efter de skermen mei te sjen.
Der binne gjin fragen. It iennigste is dat de gearkomste it der oer iens is dat de fergoeding foar ús penningmaster oan de lege kant is. Hy hat in soad wurk dien. It giet om grutte bedragen, binnen de grutste feriening fan it doarp.
De kaskommisje wurdt betanke.
6.
It aktuarieel rapport: Om de 3 jier moat dit rapport opnij besjoen wurde en wurdt de reserve fêststeld. Us rapport wie fan 2020 en giet oer de sifers fan desimber 2019.
It giet derom dat de feriening genôch reserve hat om yn de takomst oan harren ferplichtings te foldwaen. No is it sa dat de rinte yn de ôfoune jierren sakke is. Dêrmei ek de rekkenrinte foar de aktuariële reserve. Dit betsjút dat wy as feriening bijstjoere moatte. It advys is dan ek om de ledebijdrage mei € 2,= te ferheegjen. Sa kinne we de dekking op peil hâlde.
7.
Fêststellen fan de Ledebijdrage en ledekoarting
Foarstel is om de ledebijdrage te ferheegjen fan € 27,= nei € 29,=
Foarstel om de ledekoarting gelyk te hâlden € 1200,=
Beide foarstellen wurde goedkart troch de leden.
8.
Bestjoerswikseling
Ôftredend yn 2020: Jeltsje de Vries- de Vries. Sy hat mar leafst 20 jier dielnaam oan it bestjoer. Sy koe der joun helaas net by wêze. Baukje giet nei har ta mei in blomke en bon.
Foar Jeltjs yn’t plak ha we Ingrid Weyer-Abma yn it bestjoer krige: tige wolkom!
Ôftredend en werkiesber yn 2021: Tjeerd Bosma
9.
Wizigjen fan de Statuten
Fanwege de nije wet WBTR (Wet Bestuur Toezicht Rechtspersonen) moatte de statuten oanpast wurde. Alles is wat skerper omskreaun.
Art 2.1 : Betreft Doel en de grondslag: frase “geïnspireerd vanuit een christelijke visie”. Dit past neffens ús net mear yn dizze tiid: dit litte we fervalle
Art 2.3: Het voorschieten van kosten, of de rekening betalen in termijnen
Dat dogge we net. De útfiering leit foar in grut part by de útfreartfersoarger: de feriening is ferplichte te beteljen binne een termyn
Art 2.4: De vereniging schiet kosten voor, voor haar leden:
Dit wurdt ek oanpast sa as yn art 2.3 (dogge we net)
Art 6.1: Bestuur bestaat uit ten minste 5 personen
Sjoen de omfang en de taken fan it bestjoer, leit de útfiering hieltyd mear by tredden. Wy wolle útgean fan minstens 3 natuurlike persoanen (mei foarkar foar 5 persoanen).
Opsje is om dit fêst te lizzen yn it húshâldlik Reglemint.
Art 6.2: Bestuurders kunnen buiten de leden worden benoemd
Dit is tsjinstridich mei Art 7.1 5e streep: Het bestuurslid moet lid zijn. Wy hâlde it by bestjoersleden út de feriening
Art 6.4a: Bestuurders worden benoemd voor een periode van 4 jaar
Wy wolle dit graach op 5 jier hâlde
Art 6.4a: Bestuurders zijn 2 x onmiddelijk herbenoembaar, daarna niet meer
Foar ús wolle we de mooglikheid foar trochrinnend yn it bestjoer bliuwe te kinnen
Art 10.2: Betreft bevoegdheid van bestuur tot het aangaan van overeenkomsten tot verkrijging, vervreemding en bezwaring van registergoederen
Dit kin allinne mei ynstimming fan de ledegearkomste
Art 15.1: Oproeping tot vergadering binnen 4 weken
Dizze termyn moat nei 8 wike y.f.m. doarpskrante/ moanneblêd: tusken ynleverjen kopy en it ferskinen fan it blêd kin 6 wike sitte
Art 15.2: 2 x toevoeging doen in dorpskrant, streekblad of maandblad
Publikaasje yn it ferieningsorgaan is by ús de webside fan it doarp en it doarpskrante dy’t eltse moanne ferskynt. Ús leden binne net mear lid fan in wike- of moanneblêd
Art 18.2: Ondertekening van de algemene vergadering
Fraach is: wanneer moat de ûndertekening fan it ferslach plakfine? Kin dit op de earst folgjende bestjoersgearkomste? In jier letter witte de leden faaks net mear wat in jier earder besprutsen is. Dan hat ûndertekening gjin waarde mear
It wiziging fan de Statuten is akkoard foar de oanwêzigen. It bestjoer sil dêryn de foarskreaune stappen sette.
10.
Wizigjen fan it Húshâldlik Reglemint
Mei dat de statuten oanpast binne moat ek it hùshâldlik reglemint oanpast wurde. Dêrfoar moat 2/3 fan de oanwêzigen akkoard gean.
Yn de gearkomste wurde in tal punten besprutsen. Yn ús bestjoersgearkomste sille we der nochris by stilstean.
Opmerking (Eelke): Statuten kin better rom oanholden wurde sadat der wat romte is foar oanpassen fan it húshâldlik reglemint. Dit lêste kin makliker en kosteleas oanpast wurde.
De gearkomste giet akkoord mei de feroaringen sa as it bestjoer dy foarsteld.
11.
Kontrakt Útfeartfersoarger
Op 2-09-2021 hat it bestjoer in petear hân mei Ytsje Faber-Hoekstra. Sy hat oanjoun dat sy it kontrakt opsizze wol omdat sy net mear leverje kin wat der ferwachte wurdt.
It bestjoer hat doe ûndersyk dien nei in nije útfeartfersoarger. Dy is foun yn it bedriuw fan Heslinga útfeartsoarch út Heech.
Yn Diggelfjoer hat in stik stien mei dizze feroarings. De bûtenleden ha de ynformaasje by de útnoeging foar de jiergearkomste krigen.
12.
Meidielings:
It personiel wurdt betanke troch de foarsitter. We ha allinne noch kloklieders as personiel. It bestjoer en personiel hat mei Kryst in rollade krige. Dit hâlde we sa.
Yn de coronatiid hat it bestjoer net by-inoar west. De 1e byienkomst wie yn septimber 2021.
Klaas en Hessel binne yn septimber nei in regiobyienkomst fan de Federaasje yn Easterwierum west
2-09-2021 ha we petear mei Faber útfeartsoarch hân (sjoch punt 10)
De webside wurdt oanpast nei dizze gearkomste
Nije beheerder foar it begraafplak is Sybe Greidanus. Hy folget Tjitze de Vries op. Tjitze hat syn taak op 1-2-2021 oerdroegen
Yn Diggelfjoer komt in ynterview mei Heslinga ütfeartsoarch
Alle bûtenleden is fersocht harren mailadres oan te jaen. Ek foar de leden yn Wommels sille we dit ynfiere.
Federaasje:
Op de side fan de federaasje stiet in protte nijsgjirrich nijs foar it bestjoer. Ek konsepten fan briven en berekkeningen
Fierder gjin nije punten fanwege de Corona
13.
Omfreegjen:
Eelke: wa komme der yn de nije kaskommisje? Eelke docht dit tegearre mei Detz (2022)
Pyt: tink om it bedrach op de spaarrekken: kin better ferdielt wurde oer de rekkens
Nammen graach folledig beneame (list fan ferstoarnen)
Geart: freget hoe it sit mei de fergoeding foar minsken mei kodicil. Somtiden moatte ferstoarnen langer yn it sikenhûs ferbliuwe foar doneren. Dêrmei binne de kosten heger.
dit is net foar de Útfeartferiening mar moat fia de soarchfersekering regele wurde
Detz: is Heslinga sels noch belútsen by syn bedriuw? Syn namme is oergong en op dy wize is hy noch belútsen
14.
Slúting fan de gearkomste: it wie diskear in lange gearkomste foar ús dwaen. In protte te besprekken. De foarsitter betanket eltsenien foar de oanwêzigens en ynbring.
We drinke noch wat en krije in hapke fan de feriening.
Notulist: Baukje Hemrica
Dit verslag is goedgekeurd door het bestuur;
d.d. 10 november 2021
Jierferslach 2019 en 2020
Beste oanwêzigen,
It is wat frjemd om no noch werom te sjen op 2019. Dit ferslach soe besprútsen wurde op de jiergearkomste fan 2020. Wy, as bestjoer, wiene der klear foar. De wurklist wie útsetten en de romte yn it Reade Hynder wie beskikber. In lyts wike foar de gearkomste waard hiel it lân, en de lânnen om ús hinne, stillein. Wa hie tinke kinnen dat dizze pandemie ús sa lang yn de besnijing hâlde soe?
En no, 2021, binne we der noch lang net klear mei. En siz no sels, it went ek alwer. Eins set de situaasje alles efkes wer op skerp. Wêr steane we? Wêr wolle we hinne? Wat docht de maatskippij?
As nuchtere friezen passe we ús op ús eigen wize oan oan de nije omstannichheden. Dochs sjogge we ek de twaspjalt: minsken dy’t harren fersette tsjin wat it regear ús opdraacht om te dwaen en minsken dy’t de maatregels folgje.
Yn de útfeartsoarch hat it grutte gefolgen hân. Foaral yn it begjin: minsken waarden syk en mochten gjin besite ha. MInsken ferstjêrre: al dan net troch de Corona. Bliuwt dat ôfskienimmen samar oars waard. Net op besite meie, us neisten net mear sjen meie, net oankrûpe kinne wylst sy nei harren ein ta gongen. Wat liket my dat iensum.
Útfearten dy’t der hiel oars útsjogge. Folle minder minsken dy’t der by wêze koene. Alles op ôfstân. Gjin hân jaen by de kondolaasje: it bliuwt in frjemde ervaring. Yn ús neiste omjowing witte we allegear wol minsken dy’t siik west ha, dy’ferstoarn binne. Ek binnen de kring fan ús feriening en frijwilligers.
Tagelyk sjogge we dat de branche wol ynspringt mei mooglikheden. It folgjen fan in útfeart fia streaming makket it mooglik om der dochs in bytsje by te wêzen. It is mooi mar behelpen. Je wolle graach de neibesteanden je omtinken blieke litte, harren de steun jaen dy’t nedich is.
Ûndertúsken kinne we wer mei mear minsken nei in útfeart. We hoopje dat oer net al te lange tiid it ôfskie fan ús meiminsken wer wat waarmer wurde kin.
Utfearten:
Yn 2019 binne der 18 leden ferstoarn. Dêrfan hat 1/3 part in kremaasjes west.
Yn 2020 wiene dat der 11 útfearten en wêr fan 4 kremaasjes.
We sjogge noch hieltyd dat it tal kremaasjes troch de jierren hinnen grutter wurdt. Foar dit jier binne it al mear as de helte.
Federaasje:
De federaasje fan útfeartferieningen yn Fryslân is sûnt 1931 it parapluich lichem fan de oanslúten ferieningen. De federaasje is wer oanslúten by it lânlike Nardus. De útgongspunten fan de federaasje binne:”Yn de buurt, belútsen en betelber”.
Yn 2019: wie de federaasje noch aktief mei it opsetten fan in nije struktuur. Yn 2020 stiet der in organisaasje wêr’t wy as feriening in berop op dwaen kinne. Ek foar leden stiet der ynformaasje op harren side oer allehande saken dy’t te krijen ha mei it ferstjêrren, de útfeartmooglikheden en de soarch oan neibesteanden.
Fanút it bestjoer giet der altyd in delegaasje nei de gearkomsten ta. Hessel sil jim strakes mear fertellen oer wat dêr sa al op tafel komt. De federaasje sjocht ta op it nimmen fan ferantwurdelikens fan de ferieningen oangeande û.o. de fianciële boekhâlding en te te nimmen beslúten. In foarbyld is ek dat de ferderaasje adfisearret oer it opnij fêststellen fan de Statúten. Dit stiet op de wurklist fan dizze geasrkomste. Krekt as de actuariële ferantwurding wêr’t Klaas aanst wat oer sizze sil.
Nardus:
Nardus is de tûkeferiening fan útfeartorganisaasjes. Sy fertsjintwurdigje de mienskiplikembelangen fan de oansletten ferieningen en hawwe each foar de ferskate opfettings en kulturen yn ús maatskippij. Jo moatte dan tinke oan CAO ûnderhanneling, de wet op útfearten, alles wat mei Corona te meitsjen hat ensafuorthinne.
Bestjoer:
Yn 2019 hat it bestjoer 2 kear byinoar west en is der in ledegearkomste west. Dat wie op 28 maart 2019. Yn 2020 hat it bestjoer 1 kear byinoar sitten.
Yn 2019 wie der noch in krystsit mei it bestjoer en alle wurknimmers. Dat lêste klinkt miskien hiel wat mar dat binnen mei nammen de kloklieders.
Jeltsje de Vries wie yn 2020 ôftredend en net werkiesber. We ha doe efkes gjin opfolger socht. Sy is yn 2000 yn it bestjoer kaam en hat 20 jier sitting hawn!!
Dan giet der altyd in ôffeariging nei de gearkomsten fan de Federaasje (foarjier en neijier). Binne der regiogearkomsten fan it kluster wer’t wy by heare en is der jierliks in oerliz mei ús útfeartfersoarger. En fansels: yn 2020 is dêr neat fan op de hispel kaam.
Underwerpen dy’t op ús gearkomsten besprutsen wurde binne û.o.:
– Wat der geande is yn de federaasje en by Nardus en wat dat betsjut foar ús feriening
– Materiaal: de baar is opknapt: skildere en nij kleed
It begraaftastel hat in APK hân (is goedkard)
– AVG: hoe gean we om my de privacygefoelichheid fan gegevens
– Kommunikaasje mei de leden
– Webside
– Tarieven fan útfearten
We sille hope dat we yn 2021 de trie wer oppakke kinne as foar de coronatiid.
Baukje Hemrica
d.d. oktober 2021