It jongenspartoer fan Winsum wûn juster de Freulepartij. Yn in sinderende finale, wêryn Hessel Postma, Gosse de Haan en Jelke Greidanus in 4-0 efterstân goed makken, fersloegen se Berltsum (Thomas Dijkstra, Allard van Wigcheren en Rink Rudmer Sterk mei 5-5 6-2. It partoer fan Wommels, besteande út Jelle Sieperda, Jente Schraa en Gerbrand Kramer, kaam spitigergenôch net fierder dan de earste omloop.