Nei in lyts skofke frost, dat spitigergenôch al gau wer foarby wêze sil, koe der reed riden wurde yn en by Wommels. De iisbaen wie iepen en op it Skrok wie it iis sterk genôch. Fierder wie it yn de natoer prachtich, benammen by opkomende sinne. Henk Bootsma gong der by del mei syn kamera.