Woansdei 8 septimber is der yn Nij Stapert in Workshop west yn’t ramt fan it jubileumprojekt “Oer de râne fan de tiid”. De alderein is prachtich oan de slach west mei it meitsjen fan tekeningen dy’t dernei troch in soarte fan pers helle wurde. “Dat kin ik net, dit is te dreech”, mar doe de bewenners ien kear oan de slach wiene, wienen se net te stopjen. Fan de ûntwerpen wurde boekenlizzers makke, mei op de efterkant in gedicht fan Pieteke de Boer. Dizze wurde oanslutend yn allegeare boeken yn de bibliotheek ferstoppe, wa wit komme jo noch sa’n prachtige tekening tsjin!
De middei is organiseart troch de kreatieve kommisje (Roos Strubbe, Rixt Walda en Janneke de Boer), ekstra help wie der fan Pieteke de Boer en Yvonne Feijten. De foto’s binne makke troch Henk Bootsma. Wy bin der grutsk op dat we as Fûgelwacht op dizze wize ek in rol spylje kinne yn de mienskip.